Man (19) falt froulju lestich
Op It Hearrenfean is freedtenacht in 19-jierrige ynwenner út dat plak oanholden omdat hy froulju lestich foel en plysjeminsken útskold. De man rûn op de Alde Komerk mei syn ûntbleate boppeliif tsjin froulju oan.
De plysje spruts de fertochte hjir op oan, mar dat hie gjin effekt. Nei in wrakseling koe de Feanster oanholden wurde en oerbrocht wurde nei it plysjeburo.