Bob Geldof nei Frjentsjer

Bob Geldof
Sjonger Bob Geldof komt nei Fryslân foar in optreden yn de Koornbeurs yn Frjentsjer. It konsert sil plakfine yn oktober en is ûnderdiel fan in Europeeske toernee fan Geldof. Dit nei oanlieding fan syn nije cd dy't yn febrewaris útkaam is.
Bob Geldof sil yn Frjentsjer optrede mei in sân man sterke band. Hy waard bekend as sjonger fan de Boomtown Rats en inisjatyfnimmer fan Live Aid, it projekt foar de honger yn de wrâld.