WK keatsen nei Fryslân

© Omrop Fryslân
It WK keatsen sil yn 2012 yn Fryslân hâlden wurde. Dat makke de KNKB freedtejûn bekend op de Algemiene Ledegearkomste.
It wrâldkampioenskip keatsen stiet yn de aginda foar de perioade 26 augustus oant en mei 1 septimber 2012. De kosten fan it kampioenskip moatte dekt wurde troch sponsors en subsydzjes. Neffens bûnsfoarsitter Sipke Saakstra rint dat trajekt al en sjocht it der goed út. By it WK keatsen komme 15 oant 17 lannen nei Fryslân.