'Keatsen Olympyske sport'

08 apr 2011 - 23:01

Keatsen moat in Olympyske sport wurde. Dat sei KNKB foarsitter Sipke Saakstra freedtejûn op de Algemiene Ledegearkomste fan it keatsbûn. De KNKB en de twa Spaanske keatsbûnen binne it iens wurden oer de spulsoart.

It muorrekeatsen sil de ynternasjonale standert wurde yn it keatsen. En sa hoopje de trije keatsbûnen it keatsen op de Olympyske Spelen te krijen. Mooglik as demonstraasjesport al op de spelen fan 2016 yn Rio de Janeiro

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)