Stellerij by Lemster sportklup
Ynbrekkers ha flink wat skea oanrjochte by in ynbraak by in sportferiening oan de Stjitwei op De Lemmer.
Yn de nacht fan tongersdei op freed binnen ûnbekenden binnenkaam troch in doar iepen te brekken. Yn de gebouwen binne ek doarren en kasten iepenbrutsen. De dieven ha foar safier bekend allinnich in laptop meinaam.