Sahar kin it noch net leauwe

Sahar mei yn Nederlân bliuwe
De 14-jierrige Sahar is tige bliid dat se mei har famylje yn Nederlân bliuwe mei. Mar se is noch foarsichtich yn har bliidskip want se kin it nijs hast net leauwe.
Sahar wie freed net lekker en wie by in freondinne doe't har heit mei it goeie nijs belle. Minister Leers fertelde yn in parsekonferinsje dat Sahar en har famylje yn ús lân bliuwe meie. Sahar is tefolle ferwestere om nei Afganistan werom te gean.