Fergees foarlêsboeken

08 apr 2011 - 16:22

Tritich pjutteboartersplakken yn Noardeast Fryslân krije in kolleksje foarlêsboeken. Dêr binne hast gjin biblioteken en de bibliobus komt der ek net mear. Sadwaande koene âlden gjin foarlêsboeken mear liene.

De Stifting Iepenbiere Biblioteken Noardeast-Fryslân soarget der no foar dat de pjutteboartersplakken boeken krije. Dy kinne brûkt wurde, mar ek útliend. De set kostet 72.000 euro. De provinsje is om in bydrage fan 20.000 euro frege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)