Fleanbasis bliuwt iepen

08 apr 2011 - 15:43
  • Dit is de brief dy't de meiwurkers fan de fleanbasis krigen ha

De fleanbasis Ljouwert bliuwt foarearst iepen. Dat is freed bekend wurden doe't minister Hillen fan definsje syn besunigingsplannen nei bûten kaam.

By de basis ferdwine wurkplakken by de befeiliging en it ûnderhâld. Hoefolle minsken dêrtroch troffen wurde is net bekend. Op bestjoer, stipe en operasjonele logistyk wurdt lanlik 64 prosint besunige fan it totaalbedrach. De loftmacht fermindert it tal F16's fan 87 nei 68.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)