Hedzer Rijpstra ferstoarn

08 apr 2011 - 14:14

Ald-kommissaris fan de Keninginne Hedzer Rijpstra is ferstoarn. Rijpstra wie kommissaris yn Fryslân fan 1970 oant en mei 1982. Hy stie bekend as in freonlik bestjoerder mei grut natuerlik gesach.

Rijpstra waard in 1919 berne yn Zelhem yn Gelderlân. Nei syn rjochtestúdzje waard er amtner op it ministearje fan bûtenlânske saken. Yn de jierren fyftich en sechtich wie er boargemaster yn Smilde, Terneuzen en Almelo. Yn 1970 kaam er nei Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)