Subsydzje op biogasauto

08 apr 2011 - 12:31

Undernimmers dy't in auto op grien gas oanskaffe wolle, kinne dêr ynkoarten subsydzje foar krije fan it ryk. De provinsje stimulearret ûndernimmers om dat te dwaan. Se kinne by de provinsje ynformaasje krije. Foar elke auto op grien gas is maksimaal 3000 euro subsydzje beskikber. It ryk lûkt 2,6 miljoen euro út foar de maatregel.

Yn Fryslân kin op seis plakken, ferspraat oer de provinsje biogas tankt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)