Man fan 81 jier thús oerfallen

08 apr 2011 - 12:14

Op De Lemmer is tongersdeitenacht om 1 oere in man fan 81 jier slachtoffer wurden fan in ynbraak. Hy is dêrby mishannele. De man waard wekker fan stommeljen yn syn hûs en kaam each yn each mei trije ynbrekkers te stean. Ien sloech de man. De inbrekkers naaiden út oer de Albert Koopmanstrjitte nei in stege yn de rjochting fan 'e Luitje Mulderstrjitte.

Ambulânsepersoniel hat de man behannele. It slachtoffer is der bot foarwei. Hy kriget slachtofferhelp

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)