Hurde klap foar biblioteken

08 apr 2011 - 12:08
  • Protest tsjin de besunigings (foto: Omrop Fryslân)

Hoewol't de gemeenteried alle lokaasjes iepen hâlde wol, moatte de biblioteken yn Tytsjerksteradiel dochs rekken hâlde mei flinke klappen. Dat seit direkteur Riemersma fan de Biblioteek Midden-Fryslân.

Tongersdeitejûn waard dúdlik dat Tytsjerksteradiel net snije wol yn it tal festigings. Dêrtroch bliuwe de biblioteken yn Burgum, Hurdegaryp en Gytsjerk iepen. Wol krije se minder jild en der soene ek banen ferdwine. De bibliobus ferdwynt ek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)