Soarch oer learlingferfier

© Omrop Fryslân
Fakbûn FNV Bondgenoten makket him soargen oer de oanbesteging fan it learlingferfier yn Ljouwert en Boarnsterhim. De FNV is benaud dat de gemeenten kieze sille foar in ferfierder dy't himsels as goedkeapste opsje oanbiedt.
It bûn fynt sels dat de kwaliteit folle swierder weagje moat as de priis. As benammen sjoen wurdt nei de kosten, giet dat ta koste fan it personiel en de klanten.