Mooglik dúdlikens oer Sahar

Sahar (foto: Omrop Fryslân)
Minister Leers fan ymmigraasje makket freed mooglik bekend oft de Afgaanske Sahar (14) út Sint Anne yn Nederlân bliuwe mei. Sy is útprosedearre, mar sa bot ferwesterske dat se net werom kin. Dat lêste fynt de rjochtbank. Minister Leers tekene dêr berop tsjin oan, mar frege om útstel fan de behanneling by de Rie fan Steat. Hy woe earst in amtsberjocht ôfwachtsje. Dat stik is der yntusken en dêr stiet yn dat it foar ferwesterske famkes dreech is yn Afganistan te wenjen.