Twa finaleplakken foar Epke

07 apr 2011 - 19:39

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer hat op it EK yn Berlyn by twa ûnderdielen de finale helle. Zonderland komt snein út op brêge en op syn favorite ûnderdiel rek.

Foaral oer syn oefening op de brêge by de kwalifikaasjes is Zonderland tige tefreden. Mei in persoanlik punterekôr fan 15.525 helle hy in finaleplak. Der gie tongersdeitejûn dan ek net folle mis tidens de oefening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)