Fermiste man bellet famylje

De 23-jierrige Kars Niels Rosenkamp út Wâldsein hat kontakt hân mei syn famylje. Earder liet de plysje witte dat de man socht waard. Hy hie ôfrûne tiisdei depressyf de bus nei Snits naam. Dêrnei wie neat mear fan him heard, útsein dat út gegevens fan syn OV-jierkaart bliken die dat er jûns noch yn in bus yn de buert fan Hoevelaken sitten hie.
De man hat no wer fan him hearre litten. Wêrom't er fuortgien is en hoe't it mei him giet is noch ûnbekend.