Fiif katalysatoaren stellen

By twa garaazjebedriuwen yn Ljouwert binne ôfrûne nacht mei elkoar fiif katalysatoaren stellen. It giet om de Peugeotgaraazje en de neistlizzende Citroëngaraazje. De katalysatoaren binne ûnder de auto's weiknipt.
Oant no ta wiene benammen airbags, ynboude navigaasjesystemen en akku's populêr. Mar no lykje dieven wat nijs fûn te hawwen. Earder al wiene garaazjebedriuwen yn Drachten en Makkum it slachtoffer.