Romein Beton: gjin nije aksjes

Foto: Omrop Fryslân
By Romein Beton op 'e Gordyk komme gjin nije aksjes. Dat hawwe de leden fan de fakbûnen bepaald. By it bedriuw waard sûnt ein maart trije kear staakt. Dat wie út protest tsjin de fergoeding dy't de wurknimmers krije fanwege de sluting fan it bedriuw. De fakbûnen fine de fergoeding te leech.
De aksjes hawwe gjin ynfloed hân op it bedrach. Trochstake hat neffens de bûnen lykwols gjin doel omdat der amper noch produsearre wurdt op 'e Gordyk.