Konferinsje oer 'taaltaaiheid'

07 apr 2011 - 10:48

Op de Fryske Akademy is tongersdei en freed in ynternasjonaal konferinsje oer de taaiheid fan minderheidstalen. Op de konferinsje wurdt ek praat oer it brûken fan minderheidstalen op sosjale media as Twitter en Facebook. Neffens de Katalaanske spesjalist Miquel Strubell jout soks minderheidstalen krekt grutte kânsen. Neffens Strubell toane sifers oan dat it taalferskaat op ynternet tanimt.

Oan de konferinsje dogge sa'n fyftich spesjalisten út fyftjin lannen mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)