Famke op 'e fyts oanriden

In 52-jierrige automobiliste út Ljouwert is oanhâlden nei't se yn de Carel Fabritiusstrjitte in famke op 'e fyts oanriden hie. In twadde famke koe troch in tsjûge krekt op tiid foar de auto weihelle wurde.
De frou naaide út, mar se ferlear de kentekenplaat. Dêrom koe de plysje har letter thús oanhâlde. De frou hie amfetamine by har. Fanwege mooglik drugsgebrûk moast se in bloedproef dwaan. Har auto en rydbewiis binne yn beslach naam.