Underdûkershol op De Harkema

It neimakke ûnderdûkershol (foto: Omrop Fryslân)
By temapark De Spitkeet op De Harkema is in ûnderdûkershol út de Twadde Wrâldoarloch neimakke. Fan 1940 oant 1945 wiene der ferskate minsken dy't ûnderdûke moasten foar de Dútsers en dat barde soms yn in lyts hol ûnder de grûn.
Ien fan de minsken dy't eartiids sels yn sa'n hol sitten hat, lei út hoe't dat der útseach en neffens syn beskriuwing is der krekt sa'n skûlplak neimakke. Woansdei wie de offisjele iepening fan it ûnderdûkershol.