Drege dei Marit Bouwmeester

06 apr 2011 - 21:13
  • Marit Bouwmeester (argyfoto)

Marit Bouwmeester hie in drege tredde dei op it Spaanske wetter. By it wrâldbekersilen op Majorka moast se yn de fiifde race in pear strafrûntsjes draaie. Se kaam as tolfde oer de streek. Yn race seis krige Marit de swarte flagge: in te betide start. Yn de tuskenstân fan de Laser radial is de Wartenster no tredde.

Pieter-Jan Postma waard yn de Finn 8e en 13e. Hy sakke nei it sânde plak. Roelof Bouwmeester is yn de Laser 29ste nei in 12e en 11e plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)