Wol fakânsjespulwike Appelskea

De 'vakantiespelweken' yn Eaststellingwerf kinne dit jier dochs trochgean op de âlde lokaasje by Appelskea yn de bosken. Mar dêrnei moat de organisaasje echt in nije lokaasje sykje en Steatsboskbehear is ree om sa'n nije lokaasje foar dizze aktiviteit yn te rjochtsjen.
Dat sei wethâlder Jan Henk Veenhouwer woansdei tidens de aksje fan bern foar it behâld fan de boarterswiken. Bern út de hiele streek dogge mei oan dy boarterswiken.