Sinnestrielen op It Fean

Winners Yvo de Wilde en Marcus Wijnalda (foto: Omrop Fryslân)
Taksybedriuw Oenema en Waskerij De Blinde fan It Hearrenfean hawwe woansdei de Sinnestriel krigen. It is in oanmoedigingspriis fan de gemeente Hearrenfean. It is al de tredde kear dat de priis útrikt is oan bedriuwen, organisaasjes en ynstellings dy't maatskiplik ferantwurde wurkje.
Beide bedriuwen hawwe har neffens de sjuery op bysûndere wize ynsetten om it bedriuw op in duorsume wize wurkje te liten.