Fryslân digitaal yn Brussel

06 apr 2011 - 19:43

De provinsje Fryslân hat de ôfrûne dagen yn Brussel sjen litten wat se betsjutte kinne foar de Digitale Aginda fan de Europeeske Kommisje. Se diene dat tegearre mei ûndersyksynstitút TNO.

By de Digitale Aginda giet it derom dat regio's dy't te krijen hawwe mei deselde problemen mei-elkoar wurkje kinne oan digitale inisjativen om dy problemen op te lossen. De oerheid moat derfoar soargje dat boargers tagong hawwe ta dy digitale oplossings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)