Spoar oanpasse foar stoomtrein

06 apr 2011 - 14:50

ProRail begjint meikoarten mei it geskikt meitsjen fan it spoar tusken Snits en Starum foar stoomtreinen. It giet om de trein fan de Friese Stoomtrein Maatschappij, dy't op 2 july foar it earst ride sil.

Der moatte ûnder oare nije perrons by Snits oansletten wurde op it spoar en der moatte in tal technyske oanpassings dien wurde. Ek moat der ekstra befeiliging oanlein wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)