Nijs út Ivoarkust fia Boalsert

06 apr 2011 - 14:45

Ynwenners fan Ivoarkust wurde út Boalsert wei op de hichte hâlden fan de situaasje yn har lân. Alex Gbansé (38) fersoarget yn Boalsert in eigen ynternetkrante. De Ivoriaan dy't al 15 jier yn Fryslân wennet, hat deis 50.000 besikers yn Ivoarkust. Dêr is in boargeroarloch tusken de sittende presidint Gbagbo en de nij keazen presidint Ouatarra. De 21 miljoen Ivorianen lêze it nijs fia ynternet.

Alex Gbansé krijt syn artikelen fan korrespondinten en freonen út Ivoarkust.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)