'Oerfal wie amateuristysk'

06 apr 2011 - 13:44

De eigners fan de Primera yn Ljouwert omskriuwe de oerfal op har winkel as amateuristysk. Tsjin slutingstiid kaam in wapene man de saak oan de Troelstrawei yn dy't jild easke. Hy wie net bot oertsjûgjend. It slagge de eigners him sûnder bút wer bûten te krijen. De eigner miende de man te herkennen as de oerfaller fan de Primera yn Stiens earder dy deis.

De plysje siket út oft it yndie om deselde man giet. De eigner holp de plysje de oerfaller te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)