Mjitting fan tsjuster op Skier

It ljocht op it meast tsjustere plakje fan Nederlân wurdt nachts op 'e nij metten. Dat plak is by de einekoai yn in natuergebiet op Skiermûntseach. De mjitting wurdt trije jier lang dien. It RIVM begjint yn maaie mei in grut lanlik ûndersyk. Dêrby wurdt sjoen nei de ynfloed fan ferljochting op it nachtlik tsjuster.
Ek it ljocht op it Fryske waadeilân wurdt metten neist acht oare lokaasjes yn Nederlân. In opstelling jout alle nachten gegevens troch oan it RIVM.