Nije ploech Wim Stroetinga

06 apr 2011 - 11:30

Wim Stroetinga hat foar de rest fan it seizoen wer in ploech. De 25-jierrige hurdfytser fan Aldeberkeap keart werom op syn âlde nêst, it Ubbink-Koga Cycling Team. Dêr ried er al earder foar. De lêste twa jier kaam er yn aksje foar de Pro-Tour formaasje fan Milram. Dy ploech bestiet net mear.

Stroetinga hopet him op de dyk en de baan sa goed sjen te litten dat hy de stap nei it grutte profesjonele hurdfytsen wer meitsje kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)