Ljouwerter fêst foar stellerij

In Ljouwerter (19) is tiisdei troch de rjochterkommissaris fêstset om't er foar tûzenen euro's oan guod en jild stellen hat.
De man wurdt derfan fertocht dat er de bankrekken fan syn freondinne leechhelle hat. Fan in oare freondinne hat er in laptop en in telefoan stellen. Fan in buorman soe de Ljouwerter in fyts en navigaasjesysteem stellen ha. Dêrneist hat er ek noch ynbrutsen. Der binne 12 oanjeftes binnenkaam.