Drugs fûn yn Marwei

06 apr 2011 - 10:52

De bewaking fan finzenis De Marwei yn Ljouwert hat tiisdei in man en in frou oanhâlden om't se drugs by har hienen. In drugshûn sloech oan doe't in 43-jierrige man foar it besykoere binnen kaam. It die bliken dat hy 6,7 gram softdrugs by him hie.

Even letter kaam in 23-jierrige frou út Ljouwert binnen. Ek doe sloech de drugshûn oan. De frou hie kokaïne by har. De man en frou binne oerdroegen oan de plysje en foar fierder ûndersyk fêstset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)