Swart ynstalleard yn Súdhorn

06 apr 2011 - 09:55

De eardere boargemaster fan Skiermûntseach Bert Swart is tiisdeitejûn ynstalleard as boargemaster fan Súdhorn. De 54-jierrige Swart krige it amtskeatling om en de foarsittershammer fan de gemeenteried.

Bert Swart folget yn Súdhorn Bertus Fennema op. Swart wie sûnt 2004 boargemaster fan Skiermûntseach. Dêrfoar wie er foar it CDA riedslid en wethâlder yn Winsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)