Mooglik aksjes yn de metaal

06 apr 2011 - 08:36

Fakbûn FNV bondgenoten ropt wurknimmers yn de grutmetaal op om aksjeplannen te meitsjen. Op 19 april sille de fakbûnen en direksjes wer om tafel foar in nije CAO. Neffens FNV Bondgenoten liket it der net op dat se der útkomme sille. Op hast alle punten kinne de partijen it net iens wurde.

It fakbûn wol ûnder oare in leansferheging fan 2,5 persint, ferbettering foar flekswurkers en wurkjouwers moatte meibetelje oan syktekosten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)