Doarpen tsjin komst wynmûnen

De wynmûnen binne net wolkom yn Boarnsterhim
In mearderheid yn de doarpen Reduzum, Friens en Idaerd/Eagum is tsjin de komst fan in wynmûnepark lâns de A32 en it spoar. Dat docht bliken út in enkête dy't hâlden is. Yn de doarpen binne mear as 800 minsken frege in hantekening te setten. Hast 700 minsken binne tsjin. Dat is goed 83 persint.
De gemeente Boarnsterhim wol it mooglik meitsje om in wynmûnepark fan maksimaal 10 mûnen del te setten.