Flaters sporthal dochs oanpakt

05 apr 2011 - 23:01

De gemeente Frjentsjerteradiel sil ûndersykje hoe't de nije sporthal De Trije oanpast wurde kin. Dat sei wethâlder Twerda tiisdei by de offisjele iepening fan de fiif miljoen kostjende sporthal fan Frjentsjer.

Der wurdt ûnder oare sjoen nei it fuortheljen fan de drompels en it fêstsetten fan de tribunes. Guon sportferienings fine dat de gemeente net goed nei har winsken lústere hat. Se fine dat de klaaikeamers te fier fan de hallen ôf lizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)