Marit Bouwmeester no twadde

Marit Bouwmeester (argyffoto)
Marit Bouwmeester is op de twadde dei fan it wrâldbeker silen op Majorka nei it twadde plak klommen. De sylster út Warten waard yn har Laser radial in kear tredde en fjirde. De Amerikaanse Paige Railey is earste mei trije punten foarsprong op Marit.
Pieter-Jan Postma waard yn de Finn trettjinde en twadde. Yn de tuskenstân stiet er kreas tredde. Roelof Bouwmeester sakke nei it 31ste plak. De Lasersiler waard 19e en 24ste.