Mear omtinken sûn bernegebit

05 apr 2011 - 20:47

Alders fan jonge bern yn Dokkum sille tenei wiidweidich foarljochte wurde oer it belang fan goed toskepoetsen en besites oan de toskedokter. Al foardat in bern 2 jier wurdt, krije âlden ynformaasje oer it molkgebit. Doel is bern earder yn de stoel fan de toskedokter te krijen, mar foaral om it tal jonge bern mei gatsjes yn de tosken werom te bringen. Dat oantal stiigt de lêste jierren hurd.

Yn Dokkum krije âlden tenei op it konsultaasjeburo ynformaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)