Lêste reüny âlde militêren

05 apr 2011 - 17:28

Yn Assen waard tiisdei de allerlêste reüny hâlden fan de lichting 51-1 Haarlem. De groep militêren bestie doetiids út 160 minsken wêrfan de measten út Fryslân, Drinte en Grinslân kamen. Fan de groep libje noch sa'n 50 manlju. Mei-inoar organisearre de groep trettjin kear in reüny.

By de lêste wienen tiisdei 35 fan har oanwêzich. Under har ek de hast 80-jierrige Hessel Kuipers fan Koudum dy't yn syn tsjinstiid legermusikant wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)