Selstraf foar poging ta moard
Tsjin fjouwer Snitsers is tiisdeitemiddei fjouwer jier selstraf easke wêrfan ien jier ûnder betingst en in proeftiid fan ien jier. De offisier fan justysje easke dy straf foar in poging ta moard op in 62-jierrige Snitser. De man wie ûnder mear slein mei in pankoekspanne en kandeler.
By de fertochten giet it om trije manlju fan 30, 34 en 40 jier en in 23-jierrige frou.