Minnertsgea bliid mei beslút

05 apr 2011 - 17:05

Doarpsbelang Minnertsgea is bliid mei it beslút fan de gemeente It Bilt om earst gjin útwreiding fan in pensjon yn it doarp ta te stean. Yn it sintrum fan it doarp sit yn trije huzen opfang foar minsken dy't gjin ûnderdak ha. De eigner soe plannen ha om dat út te wreidzjen. Ynwenners binne poer, benammen om't de bewenners neffens har foar in soad oerlêst soargje.

Neffens de eigner fan ien fan de pensjons, Wietze de Vries, is der lykwols gjin sprake fan útwreiding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)