Kafeebrân yn Hjerbeam

05 apr 2011 - 15:34

Kafee 'Oant Moarn' yn Hjerbeam wol yn it wykein wer iepen. Tiisdeitemiddei bruts der brân út yn it kafee fan waarman Piet Paulusma en syn dochter Baukje. De brân is begûn yn de hal fan it kafee. Der rekke gjin ien ferwûne, wol moast de kat dy't yn de kroech wennet, ôffierd wurde troch de diere-ambulanse. De skea is beheind bleaun ta reek- en wetterskea.

De kommende dagen besiket in skjinmakbedriuw it kafee wer op oarder te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)