Harnzer smyt ruten yn

05 apr 2011 - 14:02

De plysje hat moandeitejûn in 42-jierrige Harnzer oanhâlden op fertinking fan fernielerij. Tsjûgen seagen dat de man mei opsetsin en sûnder oanlieding in rút fan in restaurant oan de Foarstrjitte fernielde.

De plysje waard belle en dy koe de fertochte fuortendaliks dêrnei oanhâlde. De man waard foar neier ûndersyk meinommen nei it buro. In 38-jierrige man út Frjentsjer hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)