PvdA: Wyldemerk moat bliuwe

De Wyldemerk yn Harich
Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan de PvdA fynt dat de Wyldemerk yn Harich gjin earlike kâns krigen hat. Ferline wike waard bekend dat de skoalle slute moat, omdat it ryk gjin subsydzje mear jaan wol.
Jacobi hat de steatssekretaris fragen steld oer de sluting fan de skoalle foar probleemjongeren. Sy fynt dat it ryk besjen moat oft de skoalle dochs net iepen bliuwe kin.