Planetarium op Unesco-list?

It Planetarium yn Frjentsjer
It Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer moat op de wrâlderfgoedlist fan de Unesco. Dat fine ek steatssekretarissen Zijlstra en Bleker. It Planetarium is ien fan de alve "erfgoederen" dy't Nederlân op de Unesco-list ha wol. Oar objekt is bygelyks de Van Nelle-fabryk yn Rotterdam.
Twa oare Fryske ynstjoerings foar in plakje op de wrâlderfgoedlist binne net honorearre, dat binne de Ofslútdyk en de Fryske Alve Stêden.