81 hurdriders op de bon

By snelheidskontrôles yn Skearnegoutum en Heech binne moandei 81 bekeurings útdield. Op de Legedyk yn Skearnegoutum waarden 311 foarbygongers kontrolearre. 30 dêrfan rieden te hurd. Der mei op dy dyk 80 kilometer yn de oere riden wurde. De heechst mjitten snelheid wie 109.
Op de Alde Skatting yn Heech waarden 548 minsken kontrolearre. Op de 80 kilometer dyk riden 51 te hurd. De rapste kaam mei 160 kilometer yn de oere foarby.