Oantal reizgers is stabyl

05 apr 2011 - 10:15
  • Der wiene in soad fragen oer de OV-chipkaart

Yn 2010 hawwe goed 23,8 miljoen reizgers gebrûk makke fan it iepenbier bus- en treinferfier yn Fryslân. Dat docht bliken út jiersifers fan de provinsje. Nei jierren fan groei is it tal reizgers fan 2010 hast gelyk bleaun yn fergelyk mei 2009.

Ferfiersbedriuwen Arriva, Connexxion en Qbuzz hawwe ferline jier hast tsientûzen reaksjes krigen fan reizgers. Mear as de helte fan alle fragen en klachten giene oer de yntroduksje fan de OV-chipkaart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)