Nije camping giet troch

04 apr 2011 - 23:12

De nije ynrjochting fan camping De Driesprong yn Langelille kin trochgean. In grutte mearderheid fan de ried fan de gemeente Weststellingwerf koe him moandeitejûn fine yn de plannen om de steancaravans te ferfangen troch rekreaasjehúskes.

Op in part fan de camping kinne de steancaravans wol bliuwe. De PvdA-fraksje kaam mei dat foarstel. De ried kin no letter in beslút nimme oer de rest fan de camping.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)