Fryske silers begjinne goed

Marit Bouwmeester yn aksje (foto: Thom Touw)
De trije Fryske silers dy't meidogge oan de tredde wrâldbekerwedstriid yn Palma de Majorka binne goed úteinset. Pieter-Jan Postma waard in kear tredde en earste yn de Finn. Datselde die Marit Bouwmeester yn de Laser Radial. De sylster út Warten wûn de earste race en waard tredde yn de twadde.
Roelof Bouwmeester, de broer fan Marit, waard yn de Laser tsiende en tredde. De wedstriden duorje noch oant en mei sneon. Op sneon is de medaljerace mei de bêste tsien.