Deade man fûn yn Prinsetún

04 apr 2011 - 17:12

Yn de Prinsetún yn Ljouwert hat in stêdswacht moandeitemiddei it lichem fan in 48-jierrige man út Bûtenpost fûn. Fanwege syn ferwûnings koe de plysje in misdriuw earst net útslute. Derom waard in grut ûndersyk opstarten. Der die yn de rin fan de jûn út bliken dat de man himsels tekoart dien hie.

It drokbesochte park wie ûnder it ûndersyk foar in part ôfsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)